Springe nei ynhâld

Grinzer sykte

Ut Wikipedy

De Grinzer sykte (ek wol ‘tussenpozende koortsen’ neamd) dy't yn 1826 útbruts, wie in malariaepidemy dy't hast 10% fan de befolking fan Grins (totaal 2.844 minsken) en 5% fan de ynwenners fan Noard- en East-Grinslân it libben koste. [1]

Yn febrewaris 1825 wiene der ferskate dyktrochbrekken, dat it lân strûpte ûnder. It rotsjen fan planten en kadavers yn it sompich lân, tegearre mei it trochbrekken fan de Rietdyk yn Grins yn 1826 – dy't de stêd blank sette - soarge yn de hjitte maitiid en simmer fan 1826 foar in gaadlike fiedingsboaiem foar de parasiten dy't de sykte ferspriede soene.

De sykte soe him net allinne yn Grins en omkriten oppenearje, mar ek Fryslân en de Dútske Waadkriten waarden rekke. Yn Snits telde men trije kear safolle deaden as oars yn 1826.

Alternative oarsaken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Grinzer gemikus Ulco Kooystra tinkt op grûn fan tsjinstridichheden yn de boarnen dat malaria net de iennige oarsaak foar de hege stjertesifers wie, mar dat se earder socht wurde moatte yn in kombinaasje fan faktoaren. Neist de minder deadlike endemyske malaria yn de maitiid wie der neffens him sprake fan búkgryp yn de simmer, búktyfus yn de neisimmer, tyfus yn de iere hjerst en dysentery yn de hjerst. Dêrby soene foaral tyfus en dysentery de oerstjerte feroarsake hawwe. [2]

  • It grutte tal deaden die de Ried fan de Martinitsjerke yn Grins besluten om by begraffenissen net mear te kloklieden, omdat dit in negatyf effekt op de minsken hawwe soe.
  • De diskusje oer it begraven fan deaden yn tsjerke en tsjerkhôf yn 'e stêd lôge wer op nei dizze epidemy. In protte medisy en bestjoerders wiene fan betinken, dat begraafplakken yn de stêd grutte boarnen fan besmetting foarmen. De stêd Grins gie mei dêrom yn 1827 oer ta de oanlis fan it Suder- en Noarderbegraafplak.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Richard F.J. Paping, , Voor een handvol stuivers". Werken, verdienen en besteden: de levensstandaard van boeren, arbeiders en middenstanders op de Groninger klei, 1770-1860, Grins 1995, s. 57.
  2. Ulco Kooystra, Een ramp voor de stad maar ook een zegen voor de mensheid, yn: Historisch Jaarboek Groningen (2018), s. 70-87.